Uitstalling over de Watervloed van 1825 in It Heidenskip
Kultureel wykein yn op 5, 6 en 7 septimber
Organisaasje: Stichting Een brug slaan en Stichting Beheer Kerkgebouw It Heidenskip
Thema: : Fan loft, lân en mar:
Freed 5 septimber:
19.30 oere yn de Heidenskipster tsjerke mei ferhalefertellers:
Hylke Speerstra oer de boeren yn It Heidenskip en dan benammen oer Marten en Itte Groenhof, Bert Looper oer de skilderijen fan Marten Groenhof en Gerben Rypma en Ytsje Hettinga-van der Heide oer de frou op de pleats.
Mei muzyk fan Jarje (Hille Faber en Jos de Vries)
Nei ôfrin nei It Swaeigat dêr’t de útstalling mei skilderijen van Gerben Rypma en Marten Groenhof iepene wurde sil.
Sneon 6 septimber:
10.00 oere – 16.30 oere De Simmermoarn fan Wiepke Wierda fart fan Brânburren nei de Krúspôlen.
It Swaeigat is iepen mei de útstalling mei skilderijen fan Gerben Rypma en Marten Groenhof.
Yn de tsjerke hingje ek skilderijen en wa wit is der oargelmuzyk, want de tsjerke is iepen omdat it Tsjerkepaad is. Yn it Swaeigat is fan alles te dwaan foar de bern.
20.15 oere Heidenskipster muzyk yn de Heidenskipster tsjerke mei
de Heidenskipster Fanfare Studio. Martje de Vries en Lianne Bokma en
Jitske Draijer en Johan Keus.
Nei ôfrin nei It Swaeigat dêr’t Mario Kramer optreedt en de skilderijen fan Gerben Rypma en Marten Groenhof te pronk hingje.
Snein 7 septimber:
10.30 oere Kofje- en teedrinke yn tsjerke.
De Ealahúster tsjerkegongers wurde ophelle mei de Simmermoarn nei It Heidenskip ta. De Blauhúster parochianen komme mei harren koar Sint Caecilia nei It Heidenskip en nimme harren pastor Lucas Foekema mei, dy’t foargean sil.
Nei ôfrin is It Swaeigat wer iepen en kinne de skilderijen bewûndere wurde. Dêrnei wurde de Ealahústers werom brocht en is it wer mooglik om mei de Simmermoarn nei de Krúspôlen te farren.
Om 17.00 oere slute wy yn de Heidenskipster tsjerke ôf mei it duo Grytz en Grize.